Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Bestelbuske klapt achterop frachtauto

Ofslútdyk , Tiisdei 15 Novimber 2011, 21:32 oere
In 20-jierrige man út Hillegom is tiisdeitemoarn op de Ofslútdyk achterop in frachtwein riden. Twa ambulânses, de brânwacht fan Wytmarsum en ferskate plysjes waarden alarmearre. Mar it foel allegear ta. De bestjoerder waard troch ambulânse personiel ûndersocht mar hoegde net mei nei’t sikehûs.

Troch tichte mist wie it sicht minder as 100 meter. Nei alle gedachten is dit ek de oarsaak fan it ûngelok. De frachtweinsjauffeur (45) miende dat er in klapbân krige. Doe't er de wein oan de kant sette, krige er yn de gaten dat it neat mei syn bân te krijen hie, mar dat in buske achterop syn trailer riden wie.

In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt