Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Belibje de Nacht fan de Nacht by Leons

Leons, Tongersdei 27 Oktober 2011, 19:33 oere
Alle jierren wurdt der in Nacht fan de Nacht organisearre om de klam te lizzen op de skjintme fan it wiere tsjuster. Op sneon 29 oktober kinne jo it tsjuster echt ûnderfine yn de Leonserpolder troch in nachtkuiertocht te meitsjen troch dit unike reservaatgebiet ûnder begelieding fan Natuurmonumenten.

De Nacht van de Nacht wol minsken bewust meitsje fan ljochtfersmoarging en fan de mooglikheden om dizze foarm fan fersmoarging werom te kringen. Nederlân kent mar in pear echt tsjustere plakken. Sterker noch; Nederlân heart ta de lannen mei de measte ljochtfersmoarging. Mei de Nacht fan de Nacht wolle wy minksen genietsje litte fan de tsjustere nacht en dit ûnderwerp breed ûnder de oandacht bringe.

Nachtkuier
Yn it ramt fan de Nacht fan de Nacht wurdt in nachtkuier organisearre troch de Leonserpolder. Noch net sa lang ferlyn binne der bysûndere waarnimmingen dien yn de Leonserpolder fan fûgels dêr’t wy de baltsrop al tsientallen jierren fan mist hawwe. Under de nachtkuier sil Jelle de Boer fan Natuermonuminten dêroer fertelle en oer de lûden fan de nacht.

De kuier begjint om 20.00 oere by de tsjerke fan Leons en duorret oant 22.00 oere. Ynteresearren kinne harren oanmelde by Jelle de Boer, fia j.deboer@natuurmonumenten.nl of (0515) 331647. Learzens binne needsaaklik foar dizze kuier. Dus meld dy oan en sjoch nei de stjerren en harkje nei de lûden fan de natuer.

Oprop
De gemeente Littenseradiel stipet de Nacht fan de Nacht en dimme dy nacht it ljocht op ferskate gemeentlike gebouwen. Wy roppe boargers en bedriuwen yn ús gemeente ek op om mei de Nacht fan de Nacht op sneon 29 oktober 2011 de reklame- en sierferljochting fan harren gebou(wen) te dôvjen. Hjirmei helpe jo Littenseradiel ien nacht tsjusterder te meitsjen.

Mear ynformaasje oer de Nacht fan de Nacht en oer oare eveneminten dy’t dan ek organisearre wurde, kinne jo fine op www.nachtvandenacht.nl.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt