Automobiliste bewusteleas yn 'e sleat nei oanriding
Wommels, Tiisdei 02 Maart 2010, 22:09 oerePitersbierrum- In automobiliste is fannemiddei om 15.50 oere op de N393, krekt foar Pitersbierrum ferwûne rekke. In Connexxionbus stoppe om't de automobiliste in hiem opride woe. In auto efter de bus seach dit net en helle de bus yn. De auto koe de ôfslaande automobiliste net mear ûntwike mei in oanriding ta gefolch.
De auto bedarre yn 'e sleat wêrby de automobiliste bewusteleas rekke is. Omstanners ha mei in trekker de auto út 'e sleat lutsen en de helptsjinsten alarmearre.
De brânwacht hat de auto stabilisearre wêrnei de frou út har auto helle is en mei ûnbekend letsel nei't sikehûs brocht is. De plysje sil it tadracht fan it ûngelok ûndersykje. De skrokken buspassazjiers binne fierder ferfierd mei in oare bus.
Foto's www.scannernet.nl (Sebastiaan van der Weide)
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |










.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)






