Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Automobilist út Eksmoarre ûnder ynfloed fan drugs

Wommels, Freed 18 Juny 2010, 17:29 oere
Boalsert- De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed it rydbewiis ynnaam fan in 20-jierrige automobilist út Eksmoarre, nei it riden ûnder ynfloed fan drugs. De plysje kriich in melding dat op de Ugolaan yn Boalsert in auto midden op de rydbaan stie.


De bestjoerder wie net oansprekber, reagearde amper en foel hieltiten wer fuort. Derom ha de aginten in ambulânse alarmearre. De bestjoerder waard oerbrocht nei't sikehûs yn Snits. Der waard ek bloed ôfnommen omdat de aginten fermoeden dat de man ûnder ynfloed fan GHB wie.

De 20-jierrige waard opnommen yn it sikehûs en syn rydbewiis waard yn beslach naam. Ek is der in proses-ferbaal tsjin de man opmakke.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt