Auto yn sleat nei útwyk-aksje by Wiuwert
Wiuwert, Tongersdei 12 Jannewaris 2012, 11:29 oereIn bestjoerder fan in persoane-auto is tongersdeitemoarn ter hichte fan in autosloopbedriuw by Wiuwert yn in sleat bedarre. Neffens de bestjoerder moast hy ynienen útwike omdat de auto foar him fûl ôfremme foar in oare auto dy’t ôfsloech.
De bestjoerder koe net mear op tiid remje en besocht út te wiken fia de berm. De auto rekke yn in slip en kaam yn de sleat ta stilstân. De bestjoerder rekke hjirby net ferwûne. In bergingsbedriuw hat de auto út de sleat takele.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









