Auto yn sleat A7 by Folsgeare
Folsgeare, Tongersdei 29 Septimber 2011, 11:06 oereDe helptsjinsten waarden tongersdeitemoarn manmachtich alarmearre foar in auto te wetter. Op de A7 tusken Snits en Nijlân wie troch noch ûnbekende oarsaak in auto yn de sleat bedarre
Doe’t de helptsjinsten op it plak fan it ûngelok wienen, die bliken dat de ienichste ynsittende al fellich oan de kant stie. It slachtoffer is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs. De rjochterrydstrook is troch de plysje ûnder it bergen fan de auto ôfsletten west.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









