Auto yn beslach naam nei riden sūnder rydbewiis
Wommels, Woansdei 16 Juny 2010, 12:32 oereBoalsert- De plysje hat tiisdeitejūn in 23-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanholden foar it riden sūnder rydbewiis. Aginten seagen de man riden en lutsen in kenteken nei. Doe die bliken dat de man gjin rydbewiis hie, waard hy op de Hichtumerwei yn Boalsert oanholden.
Omdat it net de earste kear wie dat de man foar it riden sūnder rydbewiis oanholden waard, is no ek syn auto yn beslach naam. Tsjin de man is ek proses-ferbaal opmakke.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















