Auto te wetter yn Westeinde
Wommels, Snein 29 Novimber 2009, 20:43 oereLjouwert- Yn de Ljouwerter wyk Westeinde is sneintemiddei in auto mei in âlde man te wetter rekke. Dit barde op de Johan Winklerwei by it winkelsintrum.
De bestjoerder wie net goed wurden en ried de fiver yn. Plysjeminsken ha de man út de fiver helle. De frou dy by de man yn de auto siet koe troch omstanners út de auto lutsen wurde doe de auto fêst siet yn de boskjes. De man is mei haast nei it MCL brocht. Op dit nuvere ûngemak kamen protte minsken op ôf.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















