Auto te wetter Ljouwert: frou swier ferwûne
Ljouwert, Freed 03 Septimber 2010, 19:22 oereIn 29-jierrige frou út Snits is oan it ein fan de middei swier ferwûne rekke neidat se mei har auto yn it wetter bedarre wie. De auto stie parkeard by de ING bank oan de Harlingertrekweg. By it fuotriden bedarre de auto troch noch ûnbekende oarsaak yn de Harlingervaart.
Se koe sels út de auto komme mar gie werom om noch wat út de auto te pakken. Dernei gie se mei de auto ûnder wetter. Omstanners ha noch probearre de frou út de auto te heljen. Uteinlik ha dûkers fan de branwacht de frou út har auto helle. Se wie net mear by kennis en is yn kritike tastân nei it sikehûs brocht.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |





.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










