Auto te wetter by Snits
Wommels, Freed 09 July 2010, 18:57 oereSnits- Tongersdeitemiddei is troch noch ûnbekende oarsaak in automobilist yn in sleat neist de Zuidwesthoekweg bedarre. By it iensidich ûngelok rekke net ien ferwûne. Wol moast de brânwacht fan Snits mei in ljedderbrêge oer de sleat de bestjoerder út syn auto helje.
Nei ûndersyk yn in alarmearre ambulânse koe de man mei bekenden wer nei hûs ta . In bergingsbedriuw hat de auto út de sleat helle.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















