Auto rydt yn Aldemardum op 11-stêdepublyk yn
Aldemardum, Moandei 24 Maaie 2010, 19:21 oereDe man fan 92 jier dy't moandei yn Aldemardum mei syn auto op it alvestêdepublyk ynried, hat dat net mei sin dien. Dat hat de man tsjin de plysje ferklearre. De bestjoerder stie parkeard en soe fuortride. Ynstee fan it rempedaal, trape er it gaspedaal yn, wêrtroch't er op it publyk ynried.
Fjouwer minsken binne ferwûne rekke. Twa fan har moasten nei it sikehûs op It Hearrenfean. Sy rekken ferwûne oan 'e holle en it ankel. De twa oaren koene op it plak sels behannele wurde.
De rûte fan de fytsalvestêdetocht waard tydlik omlaat om de ambulânses de romte te jaan. De bestjoerder hat proses-ferbaal krigen. Syn rydbewiis is ynnommen.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















