Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Auto op 'e kop yn 'e sleat by Wommels

Wommels, Snein 24 Jannewaris 2010, 11:12 oere
Op de Westergoawei (N359) ter hichte fan Wommels is sneintemoarn in auto fan 'e dyk rekke. De bestjoerder rekke troch de glêdens it macht oer it stjoer kwyt en kaam op 'e kop yn 'e sleat ta stilstân.

De auto sakke ek noch troch it iis. De bestjoerder en it bern koene sels út de auto komme. Beiden binne troch it alarmearre ambulânse personiel ûndersocht mar hienen gjin ferwûnings. De plysje hat it ûngemak ôfhannele en de auto is burgen troch in bergingsbedriuw.

Besjoch hjir alle foto's.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt