Auto op 'e kop yn 'e sleat by Easterein
Easterein, Moandei 25 Jannewaris 2010, 04:05 oereBy in pleats op it Skrok, sa'n 1 kilometer būten Easterein is sneintejūn troch in bizar ūngelok in auto yn 'e sleat belāne. De bestjoerster rekke by it fuortriden, wierskynlik troch de glźdens de macht oer it stjoer kwyt. De auto belāne lyk neist de daam op 'e kop yn 'e sleat.
De auto is it hiem fan de boerepleats net ōf west. De bestjoerster koe foar safier bekend, sels śt de auto komme. De frou is mei ūnbekende ferwūnings nei it sikehūs brocht. Der sieten gjin passazjiers yn 'e auto.
Troch it lānlike gebiet hie de plysje muoite om de goeie pleats te finen. Doe't de alarmearre ambulānse arrivearre hie de plysje de pleats fūn en koe it ambulānse personiel begjinne mei de helpferliening.
Besjoch hjir alle foto's.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |










.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)






