Auto oer de kop njonken A7 by Snits
Wommels, Woansdei 14 July 2010, 20:02 oereSnits- By in iensidich ūngelok tiisdeitejūn op de A7 krekt foar Snits is in auto oer de kop slein. De bestjoerster ride fan De Jouwer yn de rjochting fan Snits. Troch noch ūnbekende oarsaak rekke se de macht oer it stjoer kwyt, sloech oer de kop en kaam inkele meters leger yn de boskjes ta stilstān.
De frou rekke net slim ferwūne mar koe net sels de auto ferlitte. De alarmearre brānwacht fan De Jouwer hat de auto stabilisearre en de frou śt har auto helle. Nei ūndersyk troch ambulānse-meiwurkers waard se troch de plysje thśs brocht. De plysje hat de rjochter weihelte ōfsletten. It ferkear waard oer de linker weihelte omlaat.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |










.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)






