Auto lansearre nei botsing Westergoawei
Wommels, Tiisdei 06 Septimber 2011, 18:48 oereOp de Westergoawei by Wommels is tiisdeitemiddei by in oanriding in auto oer de kop flein. De auto kaam út de rjochting fan Boalsert en waard fol yn de sydkant oanriden troch in auto dy’t de provinsjaledyk Wommels oerstekke soe.
Derop waard de auto lansearre, fleach oer de kop en kaam op it fytspaad ta stilstân. De bestjoerster fan dizze auto rekke net slim ferwûne, mar is wol foar ûndersyk oerbrocht nei’t MCL yn Ljouwert. De oare bestjoerster kaam mei de skrik frij.
It ferkear hat in skoft lêst hân fan it ûngelok. Sa wie ôfslach Wommels troch de plysje ôfsetten. Troch bergingswurksumheden waard it trochgeande ferkear op de Westergoawei ek in skofke stillein.
Gerelateerde artikelen
Krusing Westergoawei by Wommels ûnfeilich
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









