Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Auto lansearre by Geau-akwadukt Snits

Wommels, Tiisdei 11 Maaie 2010, 22:42 oere
Snits- Tiisdei om 17.45 oere waarden de helptsjinsten massaal alarmearre foar in auto te wetter op de stźdsrūnwei fan Snits. Neist de plysje en in ambulānse waarden ek de dūkteams fan Snits en It Hearrenfean alarmearre


It ūngelok soe tusken ōfslach de Jouwer en ōfslach Skearnegoutum plak fūn ha. Al fluch die bliken dat it de N7, ter hichte fan it Geau-akwadukt, wźze moast. Efkes letter kaam de melding dat de bestjoerster, in 34-jierrige frou śt It Hearrenfean, al śt de auto wie. Hjirop hat de brānwacht rjochtsomkear makke. Wol is de bestjoerster foar kontrōle oerbrocht nei't sikehūs.

Krekt foar it akwadukt op de N7 rekke de bestjoerster de macht oer it stjoer kwyt. Derby fleach de auto oer de rjochterberm sa de Alde Himdyk op, om dernei oan de oare kant fan de dyk yn de sleat ta stilstān te kommen. De oarsaak fan it ūngelok is noch net bekend.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt