Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Auto tsjin beam by Jutryp

Jutryp, Tongersdei 20 Oktober 2011, 02:28 oere
In 24-jierrige bestjoerder is yn de nacht fan woansdei op tongersdei ferwûne rekke neidat er mei syn auto tsjin in beam botst is. It slachtoffer ried op de N354 ter hichte fan Jutryp en rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan ‘e dyk.

De auto rekke swier skansearre mar de bestjoerder koe sels út de auto komme en de helptsjinsten warskôgje. Wol wie der wat betiisd en koe der net goed fertelle at der noch mear minsken yn de auto sieten. Hjirop waard út foarsoarch ek de brânwacht fan Heech alarmearre.

De helptsjinsten hawwe net mear slachtoffers oantroffen en de bestjoerder is nei in blaastest oerbrocht nei it sikehûs.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt