Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Auto folslein útbaarnd op N31 by Penjum

Wommels, Snein 04 July 2010, 21:07 oere
Penjum- Wierskynlik troch koartsluting is sneontejûn de auto fan in 59-jierrige ynwenner fan Wetsens (by Dokkum) folslein útbaarnd. De man waard op de N31 tusken Harns en Surch troch oare automobilisten op attindearre dat der protte reek ûnder syn auto wei kaam.


Doe't de man de auto op de flechtstrook sette, kaam it fjoer al ûnder de motorkap wei. De alarmearre brânwacht fan Harns koe de auto net mear rêde. Ek is it asfalt skansearre rekke. Troch de reekûntwikkeling waard it ferkear op de N31 stillein. In berger hat de útbaarnde auto fuort helle.
 
Foto: Stefan Postema, Scannernet.nl


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt