Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

André Looijenga wint 10de Grut Frysk Diktee

Wommels, Woansdei 21 April 2010, 13:40 oere
Ljouwert- De 27-jierrige André Looijenga út Grins (berne yn Tersoal) hat tiisdeitejûn 20 april 2010 it tsiende Grut Frysk Diktee wûn dat yn de steateseal fan it Provinsjehûs te Ljouwert holden waard. Looijenga makke mar fiif flaters yn it diktee ‘Muzyk yn Fryslân’ dat skreaun wie troch sjonger en lietsjeskriuwer Piter Wilkens, en foarlêzen waard troch skriuwster Auck Peanstra.


Njonken de 35 minsken dy’t harren kwalifisearre hiene foar dit diktee, diene der in tal bekende Friezen mei. Ut dy kategory kaam skriuwster Lida Dijkstra as bêste út de bus. Hja makke 8,5 flaters. Drege wurden foar de dielnimmers wiene ûnder oaren ‘spyllju’ en ‘palissander’.

Middeis wie der in diktee foar learlingen út de heechste groepen fan it basisûnderwiis. Dat diktee is wûn troch Hiske Slager fan basisskoalle De Tsjelke út Holwert.

It Grut Frysk Diktee is in inisjatyf fan de Fryske Akademy, Afûk, Cedin en It Fryske Boek.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt