Ambisjeus taalbelied SW-Fryslân
Snits, Tiisdei 20 Desimber 2011, 19:06 oereSúdwest-Fryslân wol in ambisjeus taalbelied fiere. Nei in jier makket de gemeente de earste balâns op. Útgongspunt foar in goed Frysk Taalbelied yn de gemeente is praktysk wêze en in stevich fûnemint lizze.
Dizze hâlding smyt no al it ien en oar op, sa docht bliken út in earste evaluaasje. It kolleezje bringt alle jierren in koart ferslach út oan de rie en deputearre steaten fan Fryslân oer de wize wêrop de útfiering fan it taalbeleid yn ‘e gemeente oppakt wurdt. Dit is fêstlein yn in oerienkomst tusken Ryk, provinsje en de gemeente.
Út de evaluaasje docht bliken dat op dit stuit sa’n tsien prosint fan de amtners fan Súdwest-Fryslân op Fryske les sitte. Binnen de gemeente is in oersetgroep fan sa’n tritich minsken aktyf dy’t harren kollega’s stypje by it skriuwen fan Fryske brieven en stikken.
Yn de gemeenteried prate 27 fan de 37 riedsleden geregeldwei Frysk. Minsken dy’t trouwe wolle kinne dat yn it Frysk dwaan en in Frysktalige taspraak krije. Mei yngong fan maart takom jier is de webside fan de gemeente twatalich. Fan jannewaris ôf is de aginda fan it kolleezje ien kear yn de moanne folslein Frysktalich.
Fansels is der ek noch it ien en oar te ferbetterjen. Sa giet de korrespondinsje tusken de provinsje en de gemeente noch te min yn it Frysk, hoewol’t hjir wol in oerienkomst oer sletten is. Fan de 200 parseberjochten binne der fjouwer yn it Frysk nei bûten brocht dit jier. Dit berjocht is it fiifde. Yn 2011 binne der fiif riedsfoarstellen yn it Frysk opsteld. Ambysje is om dizze oantallen op te fieren.
Yn septimber stelde it kolleezje in aksjeplan op. Yn it oersicht fan alle 63 aksjepunten jout de gemeente Súdwest-Fryslân oan op hokker wize dy aksjes yn gang set binne of yn gang setten wurde.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









