Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Alve kilometer rinne foar Prins Jos 1e (fideo)

Snits, Snein 31 Jannewaris 2010, 10:12 oere
Karnavalsferiening De Oeletoeters fan Snits ha in stunt úthelle mei Prins Jos 1e. De prins dy't op 7 novimber útroppen waard ta "Prins der Oeletoeters", waard ôfrûne sneon út bêd wei helle en moast yn fol ornaat âlve kilometer om Snits rinne.

As bedreun kuierder (fjouwer kear Nijmegen) moast dat gjin probleem wêze. En om it allegear noch wat makliker te meitsjen, rûnen de "Vorsten" mei. Ek wie der om de kilometer fersoarging lykas bearenburch, knakwoarst, bearenburch, sop, bearenburch en pedikuere mei stielboarstels en boarmasines.

Kommende tiid hat Karnavalsferiening De Oeletoeters mear ludike aksjes, Stjoerder.nl sil it yn 'e gaten hâlde. Besjoch hjirûnder de sfearympresje fan de tocht, mei ynterview mei Jos 1e.



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt