Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Alle skilderijen fan Gerard Galema in ûntdekkingstocht

Wommels, Tiisdei 10 Augustus 2010, 11:05 oere
Wommels- Gerard Galema, 58 jier út Wjelsryp, skildert fan út syn gefoel. It binne abstrakt ekspresjonistyske wurken dy’t hy mei akrylferve makket, om’t hy dêrmei hurd wurkje kin. Nettsjinsteande dat krekt de mear realistyske skilderkeunst op dit stuit yn ‘e lift liket te sitten, is der dochs belangstelling foar syn kleurrike abstrakte skilderijen. In kolleksje dêrfan hinget fan dizze wike ôf yn it gemeentehûs yn Wommels.


As jonkje wie Galema altiten al oan it tekenjen en skilderjen. Hoewol’t er talitten waard ta de keunstakademy Vredeman de Vries keas er foar de MTS Skilderskoalle yn Swol. It wie de bedoeling om dêrnei nei Keunstakademy Minerva te gean, mar op it lêste momint seach er dêr dochs fan ôf. “By neier ynsjen seach ik dochs gjin takomst yn de keunst, dat doe bin ik wat oars dwaan gongen.” No is Gerard Galema psychiatrysk ferpleechkundige by Verslavingszorg Noord Nederland (VNN). Neist syn baan fan fjouwer dagen yn ‘e wike, is er tsjintwurdich noch ûngefear tweintich oeren yn ‘e wike oan it skilderjen. In fol skema dus, mar neffens syn sizzen wurdt er ûngeduerich as er te lang net skilderet.

Sa’n achter jier ferlyn pakte Gerard Galema it skilderjen wer op. Dêrfoar etste of skildere hy wol ris wat, mar nei ferrin fan tiid besleat er himsels fierder te ûntwikkeljen op it mêd fan de skilderkeunst. Ynspirearre troch in eksposysje fan Beb Mulder, is er op dy dyk fierder gongen. Om technyk en ûnderfining te krijen folge er twa kursussen by dyselde Beb Mulder en hie er in jier lang les fan in oare keunstner. Fierders twong er himsels yn dy tiid om ien skilderij yn ‘e wike te meitsjen. Somtiden kamen dy skilderijen as fansels ta stân; op oare dagen wie de ynspiraasje fier te sykjen. Neffens Galema is ynspiraasje wichtich, mar de wrakseling is ek nedich. “As it net wol, kin ik hiel fergiftich wurde en dan gewoan in poarsje ferve oer it doek “rame”, somtiden sels mei in biezem. Dan ûntstiet der doch wer wat en krijsto doch wer ynspiraasje, ‘ynspiraasje út wanhoop’. Alle skilderijen binne wat dat oangiet in ûntdekkingstocht.”

“Do kinst dy yntinke dat ik gjin netsjes atelier haw,” seit Galema oer syn atelier oan hûs. Foaral yn de simmer is in atelier oan hûs handich omdat de pas ferve doeken yn de sinne droegje kinne. “Dan bin ik somtiden mei sân skilderijen oan ‘e gong wêze. Dan steane der seis yn ‘e sinne te droegjen en bin ik mei de sânde dwaande. Foaral wannear’t ik yn tinne lagen skilder, skilder ik hurder as de ferve droeget.” Neffens Galema hat hy troch it skilderjen himsels ek better kennen leard: “Ik bin in rêstige jonge, mar by it útbliuwen fan resultaat wurd ik ûngeduldich.”

Gerard Galema hat in perioade hân wêr’t hy yn, om massa te kreëarjen, kleanstikken op it doek plakte. Dêrfan hingje ek in tal fan foarbylden yn it gemeentehûs. Op dit stuit wurket er mei in fêst kleureskema dêr’t er allegearre ferskate komposysjes mei makket. Op fersyk fan in galery stapte er fan dyn ‘fêste’ formaat ôf en makke in oantal lytsere skilderijen. “Dat is wer hiel oars wurkjen, sjoen datsto de flakferdieling relatyf grutter hâlde kinst.” Foar in eksposysje yn it WTC Expo moatte der krekt wer hiele grutte doeken komme yn syn karakteristike abstrakte ekspresjonistyske styl. It fernuveret him dat syn soeken dochs yn de belangstelling steane, wylst it eins de mear realistyske en figurative keunst is dy’t op it stuit wol fuort wol. “Ik sit wat dat oangiet yn in lúkseposysje; ik bin ûnôfhinklik en meitsje wat ik moai fyn.”

Eksposysje
De eksposysje fan Gerard Galema is fan dizze wike ôf oant en mei oktober te sjen yn it gemeentehûs yn Wommels. It gemeentehûs is moarns iepene fan 9.00 oere ôf oant 12.00 oere en op woansdeitemiddeis fan 14.00 oere ôf oant 16.00 oere. Mear ynformaasje oer Gerard Galema kinne jo fine op www.gerardgalema.nl. Yn novimber eksposearret Galema op It Amelân, mei Ameland Kunstmaand en yn desimber en jannewaris yn it WTC Expo yn Ljouwert.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt