Aaipop wer it poadium foar Fryske muzyk (fideo)
Nijlân, Tiisdei 26 April 2011, 09:07 oerePeaskemoandei is Nijlân foar ien dei yn it jier it middelpunt fan de Fryske muzyk. Mar ek fan it feest. Aaipop 2011 wie wer in feest foar de leafhawwers fan de Fryske muzyk mar mear noch in plak wêr’t it prachtich is om elkoar wer sjen.
Bij de yngong waard je in wolkom taslein troch de De Blaue Manlju. Sij wiene de ienige groep dy’t net op in poadium stie. Krekt as ferline jier mocht de winner fan “Aaipop der op út” de earste toanen oan slaan op it poadium fan de Lûdskuorre. In stevich begjin fan Redbad en der wie suver al wat ûnderbroekelol mei it publyk. Want je kinne sa je bêst dwaan op dy grutte poadia yn dy twa tinten, it falt net ta om fan sjoggers bewegers te meitsjen. Yn it bysûnder de earste groepen hiene dêr lêst fan. Ek yn de Teneftertinte wie de sfear wat lau wêr’t Grutsk en Koartsluting mear echte belangstelling fertsjinne hiene.
De sinne-oanbidders hiene op it festival terrein bûten in goed plak, want tusken de tinten yn rûn de temperatuer flink op. Yn de tinten en de sportseal wie it goed út te hâlden.
Koartsluting, de mannen en frou fan Ealahuzen en omkriten spilen foar de earste kear harren symfoanyske rockopera “It swurd fan Damocles”. Sels wiene se tefreden en dat wylst it spitigernôch net geweldich te ferstean wie. No dogge bij in oantal groepen de teksten der ek net echt ta. At it mar lûd is stevich is, sa as neist it earder neamde Redbad ek Bagger, Kramtried en Jarretank der flink ynbatsten.
Bykomme fan al dat geweld koene je yn de Hark en Huverseal. Carolien Hunneman, Marcel Smit en Gurbe en Freonen diene dêr op de middei optredens en de stuollen dêr wiene meast goed beset. Nei seizen mochten Ljoubjr DE band en Mariusz en de muzikanten dêr optrede. De echte, meast wat âldere leafhawwers hiene doe plak genôch yn de sportseal, want de oandacht fan de jongerein wie foaral rjochten op de Doelleazen. Dit Happy Hardcore Duo hoegde gjin muoite te dwaan om de tinte foaryn ek fol te krijen.
Ek it debút fan De Hûnekop wie suksesfol. Op “primetime” lieten sy it entûsjaste publyk meisjonge op nûmers as “de Brúnwurker” en “der sit mij iets dwars”.
Ek de Sadelrûkers wiene wer op Aaipop en mei De Healers wie der ek noch wat blues.
Ferrassend stevich en goed wie it optreden fan de âlde rotten yn it fak: Ernst Langhout, Sytse Haima, Johan Keus en Koos van der Velde.
It strakke skema fan de organisaasje soarge der foar dat presintatrise Janneke Brakels om goed 9 oere de lêste artysten oankundigje koe: De Suskes. In grienmank fan werkenbere Fryske lietsjes, oansteklik brocht troch Sipke de Boer wie in prima ôfsluter, omdat elkenien noch efkes fol út syn dak meisjonge koe.
En doe’t de Doelleazen tsjin 10 oere it Frysk folksliet noch ynsetten, wist elkenien dat Aaipop 2011 der wer op sit.
De organisaasje kin nei dizze edysje mar wer plannen meitsje foar de folgjende. Yn 2012 wurdt Aaipop foar de 25ste kear holden en dat sil seker spesjaal fierd wurde.
Besjoch hjir alle foto's.
Gerelateerde artikelen
Aaipop: Popmuzyk slacht foar master op (fideo)
Aaipop: Lit kening Redbad no mar komme
Aaipop: Ik gean net foar nammen
| In bydrage fan: Aant Hofstra | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









