Aaipop siket: 100 kear ‘de leafde’! (fideo)
Nijlân, Tongersdei 22 Desimber 2011, 13:46 oereYn 2012 fiert Stifting Aaipop harren 25 jierrich jubileum en dat dogge we grut(sk). Stifting Aaipop hat jimme help nedich, wy sykje steltsjes dy Aaipop ûntstien binne, bisto as kensto der ien fan? Nêst alle omtinken oer it ûntstean en de groei fan de Fryske muzyk, wolle we ek it sosjale barren foar it ljocht helje. It is namentlik wis dat der nêst de leafde foar de muzyk op Aaipop, ek leafde is ûntstien op de muzyk fan Aaipop. Derom siket Stifting Aaipop nei steltsjes dy’t elkoar foar it earst moete ha op Aaipop (en wa wit in al in lyts tútsje jûn ha?). It soe noch moaier wêze at der ek in Aaipop-leafdes-baby te finen is, sis mar in echte Aai-poppe. Aaipop-leafdes, lit fan jimme heare!
Jan en Dieuwke: "Yn de nacht nei Aaipop 2004 ha we wol fjouwer oeren mei elkoar belle, dat wie noch mar it begjin".
Binne jimme ek in steltsje wat op Aaipop foar it earst in tútsje útwiksele hat, lit it ús dan witte! Stjoer in foto fan jimme twanen (fan dû as no) en in koarte anekdoate derby oer bygelyks hokker jier it wie. De moaiste anekdoate krijt in plak yn in hús oan hús jubileum magazine oer 25 jier Aaipop. Doch dit dan nei: pearkes@aaipop.nl, fansels gean wy diskreet mei jimme ynstjoering om. Op de tentoanstelling oer 25 jier Aaipop yn Tresoar komt der ek in plak wêr at we in grutte kollaazje meitsje fan Aaipop-leafdes. Stifting Aaipop wol op syn minst 100 steltsjes fine, mar it bin der grif folle, mar dan ek folle mear!
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |








.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)









