Aaipop: Popmuzyk slacht foar master op (fideo)
Nijlân, Tiisdei 06 April 2010, 01:54 oereTwaentweintich kear wie der op Peaskemoandei in Aaipop. En ek dit jier kaam it folk wer nei Nijlân. Foaral it jongfolk dat op dizze iene middei en jûn in grut ferskaat oan Fryske muzyk te hearen krije kin. It kreaze programmaboekje soarget fan te foaren al foar moaie teksten en op Peaskemoandei moat blike at it ek wiermakke wurdt.
Yn twa tinten en in seal soargen tusken 2 oere middeis en 10 oere jûns 18 groepen foar de muzikale klanken.
Skreaun troch Aant Hofstra.
Skraal, de winner fan Aaipop der op út yn Snits mocht om 2 oere útein sette en sij brochten harren bluesrock mei faasje. “Wij binne en wij bliuwe Skraal”sjonge se as slotliet en it earste publyk wie gelokkich foar harren op it terrein oankommen. Foar noch steviger muzyk wie NNB (NochNetBekind) kontrakteard. Gewoan mei harren trijen: twa man op de gitaar en ien op it slachreau sa as dat sa moai hjit op Aaipop. Mei teksten oer bier en de kroech. En it moaie fan Aaipop is dat je dan gelyk dêrnei de rêst opsykje kinne. Yn de Hark&Huverseal wiene de Equals Souls. Kreaze akoestyske muzyk en ek dêr is publyk foar op Aaipop: “Lit mij frij”songen se it publyk ta.
Roel Faber, al hiel hang belutsen bij de organisaasje fan dit barren waard yn it sintsje set troch de dEROELS. De groep is net allinne nei him neamd mar se songen spesjaal foar him “it reade doaske”. Fierders in stevige set mei wat mear lieten oer de leafde en minder oer it bier.
DouweRockers spile yn de grutte seal en dêr hiene sij it dreech, ûndanks harren muzikaal goeie set, om wat ynteraksje mei it publyk te krijen. Nee, dan Willehúske. Yn de Hark&Huverseal lieten sij it publyk meisjonge oer de ko fan Sonnema en oer it willehúske yn Wommels, wat dêr yn de jierren 80 mear bekend stie as de seksbuorkerij. Mei oersette lieten fan de Poques en the Dropkick Murphy hiene sij de leafhawwers fan Ierske muzyk yn de greep.
Ut de wâlden wie de groep Jarretankyn Nijlân oankommen. Speedrock sa goed as Fryske speedrock mar wêze kin. De 5 man batsten en beukten der op los en alle lossen hierren fleagen harren fan de kop ôf. It publyk koe dit tige wurdearje en namen de sjonger noch efkes op hannen troch de seal.
En wylst Jarretank syn lêste klanken de loft yn slingere, wiene it de mannen fan Opskuor dy’t harren gitaren al janke lieten yn de tineftertinte. Se spilen of wiene se nea opholden. Yn 2005 wiene se stoppe mar mei it each op harren reunykonsert op de Tynstermerke dit jier, woene se wol efkes oefenje op Aaipop. De heftige en strakke klanken diene de leafhawwers goed en de rêstsikers koene harren gerak krije yn de Hark&Huverseal. Souldada, soarge mei wrâldske muzyk suver foar in ynternasjonaal tintsje. Wrâldske muzyk mei Fryske teksten en it hie mei alle muzykgeweld yn Nijlân wol wat fan bijkommen.
De Doelleazen wiene der foar de leafhawwers fan hardcore. De twa fryske deejays Sybren en Ronald hawwe wat bekinde Fryske nûmers omsetten yn hardcore en dat soarge foar entoesjast publyk dy’t wol graach efkes meisjonge en stampe woene mei de mem fan Doutsen.
In attraksje op Aaipop is al jierren Jitizer. It wie harren beurt noch net dit jier, mar omdat sij der yn novimber mei stoppe mochten se ek yn 2010 optrede. It wie sa’t je wend binne fan Jitizer, fol ferrassingen. Skippyballen en trekkerbinnenbannen waarden de seal yn slingere dan wie in saak fan oppasse. Muzikaal sjoen tarret Jitizer op harren bekinde nûmers en dy’t gean der goed yn bij in grut diel fan it publyk.
It wie de organisaasje fan Aaipop ek slagge om it duo Die Twa binnen te heljen. Harren Fryske hits dogge it goed yn de rest fan Nederlân en sa koe Nijlân meisjonge oer de frije fûgels en de sinne dy’t skynt. De seal wie grôtfol en dat wie net allinne omdat it bûten oan de kâlde kant wie.
De ferrassing fan dit Fryske festival wie dochs wol Frysellica. Yn in geweldich tempo spilen sij in moai repertoire fan Metallica. Sipke de Boer naam syn band strak bij de hân en de seal begong hieltyd foller te rinnen doe’t men yn de gaten krige dat him hjir in geweldich optreden foardie.
En dat wylst yn de grutte seal net de minste oan de gong wie. Van Wieren spile dêr syn Kâld fjoer en Nim dyn tiid. Nei achten waard it al wat rêstiger op it festifal terrein. Fan de hast twa en heal tûzen besikers dy’t der west hawwe lieten de thúsgeanders noch trije optredens oan harren foarbij gean.
Xigatze hold mei in goed stikje muzyk de leafhawwers fan muzyk mei in fleugje teater dwaande en dat harren fideoprintsjes wat efterrûnen koe net ien wat skele. De Feetwarmers namen besit fan alle besikers út it Bildt en Reahûs en omkriten. De mannen hiene sneon krekt in jubileumkonsert jûn en moasten der no al wer tsjin oan.
It slotakkoard wie foar Piter Wilkens en band. Hij sette mei syn band syn troubadoerlieten om ta stevige nûmers. En wa wol op de ein fan de jûn net it Fryske folksliet sjonge of de Liwarder Blues?
Aaipop 2010 liket wer goed slagge te wêzen. Mei de muzyk yn de tinten en de harkseal siet it seker goed. En seker noch te fermelden wurdich is dat OmkeDurkendy de sfear der bûten wat ynhold en dat hat wol ris makliker west want omdat it bûten gewoan kâld wie, wie it jongkolk no meast binnen.
Sjoch hjir foar de foto's fan de besikers en hjir foar alle foto's fan de optredens.
Gerelateerde artikelen
Aaipop: Nijlân is der klear foar! (fideo)
Peaskemoandei 23e edsyje fan Aaipop
Stjoerder.nl de hiele dei oanwêzich op Aaipop!
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










