Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Aaipop der op út yn Snits

Snits, Tongersdei 02 Febrewaris 2012, 02:58 oere
Yn har syktocht nei nij talint strykt Aaipop op snein 12 febrewaris yn het Bolwerk del. De band Rekker, de Babalive band, Jan Kuipers Alma en Annemiek en Combo dogge dizze middei in goai nei in optreden op it Aaipopfestival, it grutste Frysk- en streektalige festival fan Fryslân. Oanslutend is der in optreden fan Redbad, ien fan de nijere bands mei potinsje yn Fryslân.

De Stifting Aaipop makket rűnom yn de provinsje útstapkes om nije Frysk- en streektalige bands de kâns te jaan poadiuműnderfining op te dwaan. Der wiene al edysjes yn Ljouwert, Dokkum, Hurdegaryp, Snits en Drachten, en no dus opnij űnder de reek fan Nijlân – yn Snits. De presintaasje is yn hânnen fan Sjoerd van Beem.
Dit inisjatyf slacht bot oan by de bands en artysten. De útdaging foar de artysten is de publyksjuery en de faksjuery sadanich te oertsjűgen om sadwaande in optreden op it ‘grutte’ festival, op 9 april 2012 yn Nijlân ôf te twingen. En dat wurdt in bysűnder festival, omdat it de 25e kear węze sil.

Rekker
Nei in jier of tsien oefenjen betocht frontman Eduard Rekker fan ’t simmer dat d’r no mar in plaat komme moast en dat waard sels in beskieden simmerhit “De simmer is net foarby”. Mei syn maten Anton Oortman en Theunis S. Elzinga makket hy melodieuze rock/popmuzyk yn de Fryske taal. Yn desimber ferskynde de krystsingle “Kryst sűnder gefoel”.
In nije Fryske band dus, mei in fris lűd, dat is Rekker. Yn 2012 moat de earste mini-cd ferskine en wat soe der no moaier węze om dy op Aaipop te presintearjen? www.rekker.eu

Jan Kuipers Alma
In âlde rot yn it fak, dat kinne jo wol sizze fan dizze Drachtster skriuwer/dichter, singer/songwriter dy’t al sunt de jierren tachtich fan de foarige ieuw muzyk makket, mar noch nea as soloartyst op Aaipop spile. Foar mear ynfo oer Jan Kuipers Alma, sjoch op www.jankuipersalma.com

Annemiek en Combo
Jazz in F is de namme fan in workshop foar leafhawwers fan Jazz. Annemiek Zijlstra fan Deinum hat in tal muzikanten út dizze workshop ree fűn om mei har in kombo te foarmjen en in goai te dwaan nei in plakje op Aaipop. Annemiek is berne yn Wormer (NH) en skriuwt en sjongt no sűnt in jier as fjouwer neist it Hollânsk en Ingelsk en yn it Frysk. Sa bringt se eigen teksten en oersette teksten fan ű.o. Melody Gardot.

Babalive band
De Wergeaster Jeroen Wijnand stie mei syn nűmer “Frije Friezen” al in de Fryske top 100 fan 2011. As lid fan de punkband Wartall hat hy faaks al op Aaipop stien, mar my syn nije Babalive band besyket hy dat no opnij. Troch syn meiwurking oan in iepenloftspul begűn it wer te jokjen by Jeroen. Earst noch allinnich mei orkestbân, mar no mei in folwoeksen liveband. De rest fan de band bestiet út Arjen Butter, Bauke van Jaarsveld, Jan Hazenberg en Wim Venema.

Oan de ein fan de middei sil de sjuery bekend meitsje hokker band of artyst it 25e Aaipopfestival op 9 april 2012 iepenje mei. Oare bands dy’t op Aaipop spylje binne ű.o. Die Twa (primeur mei folsleine band), de Hűnekop, Piter Wilkens en de reunyband Bombarje.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt