Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

5 juny 2010: Belibje de Doarpendei yn Littenseradiel

Wommels, Sneon 08 Maaie 2010, 08:24 oere
Wommels- De gemeente Littenseradiel stelt op it stuit in nije struktuerfisy op, dêr’t de romtlike ûntjouwing fan de gemeente foar de kommende 20 jier yn beskreaun wurdt. Dit is in ferfolch op de strategyske fisy dêr’t earder dit jier fjouwer gearkomsten foar organisearre binne.


Op sneon 5 juny organisearret de gemeente in saneamde Belibje de Doarpendei, in brede gearkomst foar alle bewenners en belutsen organisaasjes om mei-inoar oan te jaan wat der yn de struktuerfisy stean moat. De gemeente Littenseradiel ropt elkenien op om mei te dwaan op 5 juny oansteande.

De gemeente wol de struktuerfisy mei har boargers, ûndernimmers en organisaasjes foarm jaan. Sy meitsje de gemeente nammentlik ta wat it no is: in noflike wenomjouwing, en sy kinne as gjin oar de kânsen en knipepunten yn harren omjouwing. Dêrom wol de gemeente op 5 juny mei de bewenners dwaande mei de takomst fan de gemeente op de saneamde Belibje de Doarpendei. Op dizze dei gean ferskillende groepen oan de gong mei de fjouwer sintrale tema’s:
- ekonomy en mobiliteit
- lânskip, natuer en lânbou
- wenjen en foarsjennings
- frije tiid, rekreaasje en kultuer


Dat bart net earne binnen efter in tafel. De groepen geane de gemeente yn en lizze mei kamera’s en notysjeblok fêst wat sy wol of net moai fine en wêr’t kânsen lizze om de fjouwer tema’s fierder út te wurkjen.

De Belibje de Doarpendei fynt plak op sneontemiddei 5 juny fan út it MFC De Helling yn Winsum. Der is keazen foar de sneon om safolle mooglik minsken de gelegenheid te jaan om mei te dwaan. De middei begjint mei in lunch mei inoar en einiget mei in boarrel. It programma sjocht der ûngefear sa út:
12.00 oere: ûntfangst mei lunch en útlis oer de middei
13.00 oere: Mei groepkes de doarpen yn!
15.00 oere: Opnij by inoar komme en weromkeppeling fan de resultaten
16.30 oere: Weromsjen op de middei en ôfsluting mei in boarrel


De gemeente ropt elkenien op om mei te dwaan oan de Belibje de Doarpendei. Dit is dé kâns om sels mei te dwaan en mei te tinken oer de takomst fan de gemeente en jo eigen doarp! Oanmelde is wol needsaaklik yn ferbân mei it bestellen fan de lunch en de ôfslutende boarrel. Jo kinne jo oanmelde foar de middei

troch in email mei jo adresynformaasje te stjoeren oan structuurvisie@littenseradiel.nl;
troch te beljen mei it gemeentehûs: 0515 – 334444.

Foar fragen oer de struktuerfisy en de Belibje de Doarpendei kinne jo terjochte by Peter van Noort of Johan Willem de Groot fan de gemeente Littenseradiel. Sy binne te berikken fia it algemiene nûmer 0515 – 334444 of fia structuurvisie@littenseradiel.nl.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt