45km-auto botst op trekker by It Heidenskip
Heidenskip, Tiisdei 29 Novimber 2011, 02:29 oereDe 24-jierrige bestjoerder út Warns fan in 45km-weintsje is moandei yn de neimiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Heidenskipsterdyk by It Heidenskip. De man botste by it ynheljen fan fytsers frontaal tsjin in trekker mei foarlader oan.
De brânwacht fan Warkum hat it slachtoffer út syn autootsje befrijt. Hy is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De man seach wierskynlik troch de leechsteande sinne de trekker oer de holle. It 45km-weintsje is troch de oanriding total-loss rekke.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |









.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)








