32ste Okkemapartij mei 30 partoeren tige slagge
Easterein, Moandei 19 July 2010, 22:26 oereOfrûne sneon wie de 32ste Okkema Partij op sportpark de Skoalleseize yn Easterein. Der wiene 30 partoer ferdielt oer in A-B-C klasse en in froulju’s klasse. Om 12.00 oere koene hja los en nei in pear spetterkes rein yn it begjin, wie it fierders prachtich keatswaar.
Yn de A-klasse wie yn de winnersronde de finale tusken Feite de Haan, Robert Sijbesma en Gert Jan Hiemstra tsjin Peter Jansen, Johan Jilderda en Kees Merkus. Feite c.s. winne it mei 5-0 6-6 en hawwe dizze middei mar trije tsjin earsten. Yn de ferliezersronde is it spannender en der keatse de partoeren faaks 5-5.De earste priis giet nei Hendrik de Jong, Hendrik Kuiper en Syb Overal. Hja winne de finale mei 5-4 6-2 fan de bruorren Koopmans (Wiebren, Lieuwe en Sikke).
Yn de manlju B-klasse giet de priis nei it oerdeeglike partoer fan Marco Hoekstra, Anne Bakker en Eddy de Boer. Hja keatse yn de earste en twadde omloop dreech mei twa kear winst op 5-5.Yn de finale tsjin it twatal Bertus Bootsma en Remmelt Politiek is it oare koek en winne hja mei 5-1 6-4 de krânsen. De ferliezersronde is in proai foar Stefan van Krimpen, Wilbert de Boer en Arjan Hallema. Yn de finale binne se krekt te sterk foar it partoer fan Michel Rijsemus, Henk Jan Eekma en Nolke Bergstra mei 5-4 6-2.
Yn de manlju C-klasse binne seis partoer en wurdt der yn twa poule's keatst. De finale mei de bruorren Okkema (Tjipke, Hendrik en Tjerk) en it partoer Joost Schaap, Jacob Bijlsma en Anne Kramer is prachtich. De Okkema’s komme mei 3-1 foar mar dernei pakke Joost c.s. samar trije earsten, 3-4. Mei in sitbal fan Tjipke wurdt it 4-4 en ek de 5-4 is foar de Okkema’s. Op 5-4 6-2 winne de Okkema’s it as de keats foarby slein wurdt. It partoer fan Schaap c.s, winne harren earste wedstriid mei alles oan de telegraaf fan Catrinus Kooistra, Roel Sijbesma en Age van der Goot.
Ek acht partoer yn de froulju's klasse. De finale tusken de suskes Hester en Marije van der Meer en it partoer fan Cilia Witteveen, Tineke Yntema en Froukje Dijkstra wurdt mei 5-2 6-0 wûn troch de suskes. De earste priis yn de ferliezersronde wurdt wûn troch Jildou Jorritsma, Wiepkje Hiemstra en Marije Hiemstra. Sy binne yn de finale de baas oer it jonge partoer fan Gabriéla Bouma, Tessa Booms en Marijke Johanna de Boer mei 5-4 6-2.
De prachtige glêzen standaards foar eltse priiswinner binne oanbean troch Leanbedriuw Okkema.
Omskriuwing foto:
Efter: Eddy de Boer, Robert Sijbesma, Gert Jan Hiemstra, Hester vd Meer, Marije vd Meer, Tjipke Okkema, Tjerk Okkema
Foar: Anne Bakker, Hendrik Okkema, Feite de Haan
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















