Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

250.000 potinsjele Frysklêzers

Ljouwert, Tongersdei 19 Jannewaris 2012, 19:48 oere
Neffens de earste sprekker fan de Literêre 4-Stêde Tocht binne der sawat 250.000 minsken yn Fryslân dy’t ús taal wol lêze kinne. Klassikus André Looijenga hat ûndersyk dien nei literatuer yn it Frysk en twa oare lytse talen, it Friûlysk (yn Noard-Itaalje) en it Letzebürgysk (yn Lúksemboarch). Yn alle trije gebieten is de eigen taal allinnich dominant as sprektaal. Der binne in protte oerienkomsten, ek út de literêre histoarje wei besjoen. As je sjogge nei it tal boeken dat jierliks yn de eigen taal útjûn wurdt, dogge wy it hjir net min. Yn Fryslân hat de taal syn status stadichoan fergrutte, mar yn Lúksemboarch binne se dêr fierder mei kaam

Looijenga hat ek útsocht wat minsken driuwt om yn it Frysk skriuwe te wollen. Hast alle Friezen binne ommers meartalich en ha op skoalle neat (of in bytsje) skreaun yn de memmetaal. De sprekker hat fraachpetearen holden mei skriuwers en koe harren motiven gearfetsje ûnder fjouwer kategoryen: emosjoneel, ideologysk, praktysk en artistyk. De sprekker kaam ek oer it lêzen yn it Frysk te praat. Dat is meastentiids foar de ferdivedaasje. Boeken dy’t op de ien of oare manier wat mei Fryslân te krijen hawwe, wurde it faakst lêzen.

De lêzing waard ôfsluten mei fragen en diskusje. It gie û.o. oer it ferskil tusken skriuwtaal en sprektaal, mei as aktueel foarbyld Halbe fan de Carglass reklame. De offisjele reklame is yn skriuwtaalfrysk, de parody yn ‘sappich’ praatfrysk.

Dizze lêzing waard 17 jannewaris holden yn Ljouwert. Mei fjirtjin dagen is der wer in lêzing fan de Literêre 4-Stêde Tocht. Dan sil Greet Andringa op ’e tekst oer alle Frysktalige romans fan skriuwer Koos Tiemersma. Dy hat fiif hiel ferskillende boeken skreaun en kundige ein 2009, nei it ferskinen fan ‘Under Wetter’, oan dat it syn lêste Fryske boek wie…
De twadde lêzing hat as titel ‘Dien wurk’ en wurdt 31 jannewaris om 20:00 oere holden yn de bibleteek fan It Hearrenfean.

Mear ynformaasje op www.sirkwy.nl - de webside fan de Fryske literatuer.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt