Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

2.500 boargemasters, wethâlders en riedsleden nei Fryslân

Wommels, Tongersdei 20 Maaie 2010, 11:09 oere
Ljouwert/Jorwert- It jierlikse kongres fan de ‘Vereniging Nederlandse Gemeenten’ (VNG) wurdt op moandei 7 en tiisdei 8 juny yn Fryslân hâlden. In moaie gelegenheid foar sa’n 2.500 boargemasters, wethâlders en riedsleden om yn’e kunde te kommen mei ús provinsje. De kongresbesikers wurde yn Ljouwert űntfongen, węr’t hja yn it WTC Expo de jiergearkomste űnder lieding fan Annemarie Jorritsma, foarsitter fan de VNG, bywenje.


Dęrneist is der in algemien programma dat presintearre wurdt troch Matthijs van Nieuwkerk, bekend fan ‘de wereld draait door’. It tema fan it kongres is ‘Nieuwe Tijden!’ Ferskate promininten litte harren ljocht oer de takomst skine; Guy Verhofstadt, Roger van Boxtel, steatssekretaris Ank Bijleveld en de Ljouwerter wethâlder Marco Florijn. Boppedat kinne alle kongresgongers kieze út 25 Fryske ekskurzjes. Ien fan dy ekskurzjes fynt plak op moandei 7 juny 2010 yn de gemeente Littenseradiel yn Jorwert.

Alhoewol it in buorgemeente is fan it stedske Ljouwert is de gemeente Littenseradiel it ultime Fryslân en de minst ferstedske gemeente fan Nederlân. Mei har 29 doarpen en 26 buorskippen is it hjir lytsskaligens op syn bęst. Bestjoerders kinne de lytsskaligens fan it plattelân fan Littenseradiel sels űnderfine troch in kuiertocht troch Jorwert. Hja bringe in besite oan de lytste skoalle fan de gemeente ‘OBS de Krunenstrobbe’ yn Jorwert en hja sille yn ‘e kunde brocht wurde mei de plakken yn it doarp dy‘t yn it boek fan Geert Mak ‘Hoe God verdween uit Jorwert” neamd wurde.
Yn in presintaasje yn ien fan de âldste herbergen (1511) fan Littenseradiel ynformearret de gemeente har gasten oer har űnderfinings mei de leefberens op it plattelân en gean dęroer mei harren yn petear. De ekskurzje wurdt ôfsluten yn de unike notaristún wer elts jier it bekende Jorwerter Iepenloftspul hâlden wurdt.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt