Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

1e Twa Daagse Aldemardum - Blauhûs

Blauhûs, Tiisdei 06 Septimber 2011, 14:28 oere
Kommend wykein, sneon 10 en snein 11 septimber sil de 1e Twa Daagse fan Aldemardum – Blauhûs riden wurde.

De A- en B- hurdfytsers starte sneontemiddei 2 oere yn Aldemardum foar in tocht fan 50 of 70 km. Hjir moat klommen wurde by de Hege Gerzen en it Murnser- en Rea Klif. Snein starte de hurdfytsers foar de twadde omloop fan de twa - daagse om kertier foar fjouweren middeis yn Blauhûs. Hjir giet de rûte oer Abbegea en de bochtige Himdyk en ek hjir is de ôfstân 50 of 70km.

It idee fan de 2 Daagse komt út Noard Hollân, dêr is it in grut súkses sadat de organisaasje fan Blauhûs en Aldemardum net lang twivele hat om dat oer te nimmen.

Dielnimmer Atze Hospes fan Himmelum: ‘Dit jaar is de ronde voor het eerst een 2 daagse, we strijden beide dagen voor ereplaatsen, maar het is altijd spannend om op de tweede dag de benen weer te testen en dan wordt er ook veel naar elkaar gekeken, er staat immers al een uitslag’.

De priisútrikking wurdt wer dien troch in ferneamde Fryske sporter. It publyk kin beide wedstriden prima folgje, sawol by de start - finish plakken, as oan de rûte.

It ynskriuwen foar A en B renners is sneon yn doarpshûs It Klif fan Aldemardum en snein yn Sportseal de Singel fan Blauhûs. De Omlopen wurde organisearre yn gearwurking mei Wielervereniging Sneek en mei mooglik makke troch in grut tal sponsers en frijwilligers.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




sport

112

kultuer

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt