Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

1200 besikers foar konserten Súdwest-Fryslân (fideo)

Makkum, Moandei 07 Febrewaris 2011, 18:55 oere
De grutte hafabra-konserten Súdwest-Fryslân hawwe sneontejûn 1200 besikers lutsen. De konserten waarden op trije plakken tagelyk holden: yn sporthallen yn Warkum, Snits en Makkum. Der diene mei elkoar 635 muzikanten fan 30 muzykferienings oan mei.

De konserten wiene bedoeld as ôfskied fan de gemeenten Snits, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Boalsert en Nijefurd en as wolkom oan de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.

Stjoerder.nl wie by it konsert yn Makkum. Besjoch hjirûnder de bylden dy't wy makke ha foar GPTV.



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt