Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

WK Bootcamp 2011

Wommels, Tongersdei 03 Novimber 2011, 01:14 oere
It bestjoer fan it Wommelser Kampioenskip (WK), mei deryn Hendrik Engbrenghof en Ate de Boer fan Fuotbal Ynsicht, organisearret yn de simmerstop fan it reguliere fuotbal altyd twa kear wyks in potsje fuotbal op it skopfjild fan Wommels. As útsmiter organisearret sy derneist jierliks it WK Bootcamp.

Nei it daverjende sukses fan ôfrûne jier wie de animo foar de edysje fan 2011 gigantysk, mar leafst 30 man wienen oanwêzich op it WK Bootcamp. It Bootcamp hat dit jier plak fûn op freed 5 augustus 2011.

Der wurd tradisjoneel sammele op’e Terp yn Wommels om sa mei elkoar nei de geheime lokaasje fan it Bootcamp te fytsen. It motto fan dit jier wie “Close the gap and raise and bar”. Ynspirearje troch de Amerikaanske patser/streef kultuer is der probearje om it, dochs al ferskriklike hege, nivo noch heger te bringen. As it nivo no echt omheech is gien is mar de fraach...mar gesellich wie it seker!



In bydrage fan: FYS Projekt Diel dit artikel:

FYS Projekt

112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik